Dit fleurige printsjewurdboek jout bern fan ferskate leeftiden en
folwoeksenen de mooglikheid om op in boartlike wize in basiswurdskat
fan it Frysk op te bouwen. Ien grutte detailearre tekening, ferdield
oer twa siden, byldet hieltyd in beskaat tema út. Yn it ramt
dêromhinne wurde ûnderskate ûnderdielen út de
tekenings (sawol dingen as begripen) nochris apart delset mei it Fryske
wurd derby.
De grappige tekenings jouwe in stimulâns om it Fryske wurd
dêr daliks mei te ferbinen, sûnder it oer te setten, De op
dy wize learde wurden kinne dan wer repetearre wurde mei help fan de
grutte tekening. Efteryn it boek is in alfabetyske wurdlist opnommen
mei de Hollânske en Ingelske oersetting derby.
Extra informatie:
Paperback / softback
April 2019
604 gram
312 x 233 x 15 mm
EAN: 9789062733804
Stichting Algemiene Fryske Underrjocht K