Gratis verzending vanaf € 30
Wij verzenden naar Nederland en België

    Ferdinand de Jong,De tredde perioade
    De tredde perioade
    € 19.50
    Levertijd: 2 tot 4 werkdagen
    Dit artikel is aanwezig in onze winkel


    Rodion Zakirov makket nei in drege perioade yn syn libben in nije start. Syn gefaarlik oantreklike buorfrou Lara Fedorova fynt him sliepend tusken lege drankflessen en nimt him op sleeptou. Fan de metropoal Moskou ferhuzet er nei Norilsk, boppe de poalsirkel, yn it uterste noarden fan Sibearië. Dêr komt hy yn in kompleet oare wrâld telâne en rekket er fereale op de moaie stewardess Darya Orlova. Al gau docht bliken dat har soan Pavel mar ien ding wol: iishockeyer wurde. As dúdlik wurdt hoe grut syn talint is, set dat harren libben op syn kop. Foar dizze aventoerlike iishockeyroman reizge Ferdinand de Jong nei de meast noardlike iishal fan de wrâld yn Dudinka. Oan de igge fan de machtige rivier de Jenisej ûnderfûn hy de waarmte en gastfrijheid fan de minsken yn de bittere Sibearyske kjeld. It resultaat fan dy reis is in ferhaal oer in kar meitsje en dêrfoar stean. `You miss 100% of the shot you don`t take.`99



    Taal / Language : Fries / Western Frisian

    Extra informatie:

    272 pagina's
    EAN: 9789056154400
    20 Leafdesdichten BV Bornmeer

    Levertijd: 2 tot 4 werkdagen
    Dit artikel is aanwezig in onze winkel