Welkom bij onze webshop
Wij verzenden naar Nederland en België

  • Geart Tigchelaar,OM
  • Geart Tigchelaar,OM
Geart Tigchelaar,OM
OM
€ 19.50

Levertijd: 1 tot 2 werkdagen
Dit artikel is aanwezig in onze winkel

Geart Tigchelaar en zijn fiets. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Yn dit boek hat er inkelde ûnderfinings dy?t er ûnderweis opdien hat, ferwurke ta in ? sa?t er it sels neamt ? psychologyske fytsroman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.


Geart Tigchelaar (1987) is skriuwer, dichter en oersetter. Foar syn poëzydebút leech hert yn nij jek (Hispel 2016) wûn er de D.A. Tammingapriis, en foar syn oersetting Erik of it lyts ynsekteboek (2015) de Obe Postmapriis. Syn foarige roman Bêste Jonge (Afûk 2016) waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis.


Op syn fytsreizen stipet Geart Tigchelaar altiten it goede doel Cycling out of Poverty. No?t er net op de fyts fuort kin, docht er dat mei syn nije roman.


Cycling out of Poverty is in Nederlânske organisaasje dy?t operearret yn Kenia en Oeganda. Hja bouwe dêr foar de lokale befolking fytsen, sadat bern net hiele einen hoege te rinnen nei en fan skoalle. Dat soarget foar minder skoalútfal. Mar ek dokters krije in op maat makke fyts, sadat hja flugger fan de iene nei de oare pasjint kinne. Itselde jildt foar boeren dy?t mear gewaaks fan harren lân nei de merk ferfiere kinne om sa mear ferkeapje te kinnen. CooP liedt ek fytsmakkers op, sadat hja nei sân jier nei in oar plak kinne en de lokale befolking op eigen manneboet fierder fytse kin. Mei oare wurden: In fyts makket it ferskil!


Foar elke Om dy?t besteld wurdt, giet der ? 2,00 nei Cycling out of Poverty!



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:

Paperback / softback
168 pagina's
Februari 2021
250 gram
218 x 142 x 18 mm
EAN: 9789493159600
Afûk

Levertijd: 1 tot 2 werkdagen
Dit artikel is aanwezig in onze winkel