Welkom bij onze webshop
Wij verzenden naar Nederland en België

  • Gjalt de Groot,We strupe derunder!
  • Gjalt de Groot,We strupe derunder!
Gjalt de Groot,We strupe derunder!
We strupe derunder!
€ 17.50
Levertijd: 1 tot 3 werkdagen
Dit artikel is aanwezig in onze winkel


We strûpe derûnder! It wie in needgjalp.

As by’t hjerst de fûle súdwesterstoarmen it wetter út it marregebiet nei de Lege Midden fan Fryslân opwaaide en it om Grou, Warten en Earnewâld hinne heger en heger kaam, dan waard it ien grutte striid om boppe te bliuwen. It bûtenwetter rûn oer de polderdykjes en de binnenkrytsjes drigen fol te rinnen.

Gjalt de Groot, fjildman en folksskriuwer, opgroeid yn dat wetterlân, skriuwt oer dy striid en oer it libben fan de minsken dy’t dêr fier efterôf wennen op harren buorkerijen mei legendaryske nammen as Luctor et Emergo, Laban, Cuba, Werklust (18-mêd) en de Koaipleats. En fansels oer Sytze en Maaike. Allegear steeën dêr’t men allinne mei de boat komme koe.

Gjalt fertelt yn dizze roman op in meinimmende wize oer it libben fan Jeen en Anne dy’t troch fûleindich arbeidzjen, moed en striid boer wurde op de Koaipleats. Mar ek oer it libben fan meanders en ûngetiders op de Wyldlannen, de molkfarder as ûnmisbere skeakel mei de bewenne wrâld, de breafiskers. Harren hurde striid om in skraal bestean yn dat sompige diel fan Fryslân, ‘De Âlde Feanen’.

We strûpe derûnder! is in tiidsdokumint út it folle libben fan doe, byldzjend beskreaun foar de lêzer fan no.




Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie:

Paperback / softback
224 pagina's
Oktober 2020
327 gram
212 x 143 x 20 mm
EAN: 9789491536762
Uitgeverij Louise

Levertijd: 1 tot 3 werkdagen
Dit artikel is aanwezig in onze winkel