Door de drukte kan uw bestelling iets langer onderweg zijn
Wij verzenden naar Nederland en België

    Harm van der Meer,Harm van der Meer fertelt
    Harm van der Meer fertelt
    mei foto’s fan Henny van den Berg
    € 17.50
    Levertijd: 1 tot 3 werkdagen



    It libben fan dirigint, muzykmaster en minskeman Harm van der Meer (Bantegea, 1940) spile him ôf tusken de skoallen, koaren en orkesten, tusken jonge en âlde minsken, yn doarp en stêd, en yn it iepen fjild. De minsken en de muzyk joegen him genôch stof om in tal ûnferjitlike ferhalen en anekdoates op te skriuwen, dy`t yn dizze bondel sammele binne.
    Yn de wurden fan Hylke Speerstra: `Optredens mei Harm van der Meer as ynspirator op de bok hiene faak bysûndere mominten. Der kamen mominten dat de wurdearring it applaus foarby gie. Dan foel der yn in grutte katedraal allinne mar in stilte, kearde Harm him nei de tahearders, seach harren yn de wiete eagen en sei er: `Jim hawwe it begrepen.` Syn rispinge kin ryk neamd wurde. Gelokkich hat er dêr, yn beskiedenheid mar mei gefoel foar anekdotyk, in kostber dokumint oer skreaun. Dêryn blykt er ek noch in master-ferteller te wêzen.`
    De sfearfolle swart-wytfoto`s fan Henny van den Berg meitsje it ferhaal kompleet: in portret fan in markante man mei in kleurryk libben.



    Taal / Language : Fries / Western Frisian

    Extra informatie:

    Paperback / softback
    144 pagina's
    Met illustraties
    Oktober 2017
    211 gram
    210 x 135 x 14 mm
    EAN: 9789056154271
    Uitgeverij Bornmeer

    Levertijd: 1 tot 3 werkdagen