frieseboekhandel.frl
buttons Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons
leeg Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons Home pagina fries
Home pagina Home pagina Kassa pagina, Winkelwagentje Contact info Email ons

  Alles  Titel  Auteur  ISBN                 

Regionale fiction
Friestalige boeken, romans/literatuur etc.
Bij u in huis op: donderdag
Bestel vóór: 23:15


Sjieuwe Borger

Pûlen-yn-de-pot

€ 18.95


Sybren joech him oer oan it feest fan it yrrasjonele sûnder ien remming te fielen. Meidwaan ûnderstelde frijwilligens, dêr wie lykwols gjin sprake fan, mar dat joech no neat. Hy gong op yn it momint en liet him meitôgje troch it fjoer fan de ûnberonge groepsdrift. De ober hie besocht harren del te bêdzjen. Doe`t Richie in klap fan him krige waarden de soasjeteitsleden sels lilk en soene sy de ober te nei. De praeses fan de Kroechkommisje wie der lokkigernôch foar sprongen. Sybren liet de skurvens no oer him komme. Der siet eat ferskriklik mis. Hy hie syn eigen yndividualiteit oerjûn en him oerlevere oan de machten fan de groep. It wie net te miskennen dat Anjelique der prachtich útseach, syn jierklubmaten soene him dêr ek op wurdearje. Mar dy wurdearring woe er net. De twifel begûn stadichoan op te lossen. Dates binne maklik te skoaren yn it studintelibben, mar froulju binne komplisearre. Se sizze net altyd wat se tinke en ferwachtsje fan alles fan Sybren mar se sizze net dúdlik wat. Hy siket in balâns tusken frijheid en ferbining en stelt himsels dêrby essinsjele fragen oer doel en wearde fan syn libben. De fyfte roman fan Sjieuwe Borger lit de ûntjouwing fan Sybren sjen tsjin de eftergrûn fan it studintebestean yn de stêd en op it plattelân.



Taal / Language : Fries / Western Frisian

Extra informatie: 
Paperback / softback
197 pagina's
December 2018
299 gram
210 x 145 x 18 mm
Elikser B.V. Uitgeverij
Achterkant:
Bekijk de achterkant


Bij u in huis op: donderdag
Bestel vóór: 23:15